Doch wat jo online dogge.
Firefox Browser Sjocht net mei.
Hoe Firefox him ferhâldt ta oare browsers
Krij alle snelheid en helpmiddelen sûnder ynbreuk op jo privacy. Firefox Browser sammelet sa min gegevens oer jo, dat wy jo e-mailadres net iens nedich hawwe om te downloaden. Dat komt omdat wy, yn tsjinstelling ta oare browsers, gjin finansjeel belang hawwe om jo op it web te folgjen.
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Automatysk ôfspyljen blokkearje | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Blokkearret sosjale trackers | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Beskikberheid op bestjoeringssystemen | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Haadwachtwurd | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Wy blokkearje de advertinsje-trackers. Jo sneupe flugger oer it ynternet.
Advertinsjes liede ôf en soargje derfoar dat websiden stadiger laden wurde, wylst harren trackers al jo online hannelingen folgje. De Firefox Browser blokkearre de measte trackers automatysk, dus jo hoege jo befeiligingsynstellingen net troch te spitten.

Firefox is foar elkenien
Beskikber yn mear as 90 talen, en kompatibel mei Windows-, Mac- en Linux-masinen, Firefox wurket ûnachte wat jo brûke of wêr't jo binne. Soargje derfoar dat jo bestjoeringssysteem by-de-tiid is foar de bêste ûnderfining.

Set Firefox op al jo apparaten
Nim jo privacy oeral mei hinne. Firefox-browsers foar iOS en Android hawwe deselde sterke privacyynstellingen om foar te kommen dat trackers jo folgje op ynternet, wêr't jo ek binne.

Doch it allegearre mei Firefox

Sykje tûker, flugger
- Sykje fan adresbalke út
- Sykmasine-opsjes
- Tûke syksuggesties
- Blêdwizer, skiednis en iepen ljepblêden yn resultaten

Ferheegje jo produktiviteit
- Wurket mei Google- produkten
- Ynboud helpmiddel foar skermôfdrukken
- Blêdwizerbehearder
- URL’s automatysk suggerearje
- Syngronisearje tusken apparaten
- Lêzermodus
- Staveringshifker
- Fêstmakke ljepblêden

Streame, diele en spylje
- Automatysk ôfspyljen fan fideo en audio blokkearje
- Picture-in-Picture
- Behearde ynhâld op in nij ljepblêd
- Keppelingen diele

Beskermje jo privacy
- Blokkearjen fan cookies fan tredden
- Blokkearjen fan fingerprinters
- Blokkearjen fan cryptominers
- Priveenavigaasjemodus
- Yndividueel beskermingsrapport

Befeiligje jo persoanlike gegevens
- Warskôgingen oer websites mei datalekken
- Ynboude wachtwurdbehearder
- Skiednis wiskje
- Formulieren automatysk ynfolje
- Automatyske fernijingen

Pas jo browser oan
- Tema's
- Donkere modus
- Biblioteek mei útwreidingen
- De sykbalkeynstellingen oanpasse
- De opmaak fan nije ljepblêden wizigje
Meitsje Firefox fan josels

-
Utwreidingen foar elke ynteresse
Fan befeiliging oant nijs oant game, der is foar elkenien in útwreiding. Foegje der sa folle ta as jo wolle, oant jo browser presys goed is.
-
Wizigje jo úterlik
Gean fan ljochte modus nei donkere modus, ôfhinklik fan jo stimming of foarkar, of fleurich de boel op mei in oanpast tema (miskien in reinbôgienhoarn).
-
Pas jo ynstellingen oan
Jo hoege gjin fernoegen te nimmen mei de standert. Wizigje de nij-ljepblêdside, sykbalke, blêdwizers en mear om it ynternet te ferkennen sa as jo dat wolle.
Stipe troch de non-profit dy't minsken foarop stelt

Daget sûnt 1998 de status quo út
Firefox waard troch Mozilla makke as in flugger, persoanliker alternatyf foar browsers lykas Internet Explorer, en no Chrome. Tsjintwurdich bliuwe ús missy-dreaune bedriuw en ús frijwilligersmienskip jo privacy boppe alles stelle.

Jo privacy stiet foarop
Wylst it ynternet groeit en feroaret, bliuwt Firefox him konsintrearje op jo rjocht op privacy – wy neame it de Persoanlike Gegevensbelofte: Nim minder. Hâld it feilich. Gjin geheimen. Jo gegevens, jo webaktiviteit en jo online libben wurde beskerme mei Firefox.
Behâld al jo favorite browserfunksjes – en ûntdek nije.

Wurket mei Google- produkten
Al jo favorite Google-helpmiddelen (lykas Gmail en Docs) wurkje poerbêst yn de Firefox Browser.

Facebook Container
Download dizze browserútwreiding om foar te kommen dat Facebook (en Instagram) jo folgje op ynternet.

Syngronisearje jo apparaten
Firefox is beskikber op al jo apparaten; nim jo ljepblêden, skiednis en blêdwizers mei. Jo hawwe allinnich in Firefox-account nedich.

Skermôfbyldingen
Meitsje in ôfbylding mei in hege resolúsje fan alles wat online is mei ús helpmiddel foar skermôfdrukken, dat streekrjocht yn de browser ynboud is

Ferbettere beskerming tsjin folgjen (FBF)
Firefox blokkearret automatysk in protte trackers fan tredden dy't jo webaktiviteit sammelje en ferkeapje.

Picture-in-Picture
Fan it besjen fan in webhantlieding oant it yn de gaten hâlden fan jo favorite team, jo fideo folget jo wylst jo multitaske.